Fee yn beslach nommen

02 feb 2004 - 00:00

De lanlike ynspeksjetsjinst foar beskerming fan bisten hat freed yn Nes by Akkrum fee yn beslach nommen. It giet om 49 kij en 10 hynders.

Twa wike lyn hie de ynspeksje mei in feearts al op de buorkerij west te sjen. It fee stie yn de greide yn de drek, sûnder beskutting. De boer is doe ferteld dat er de kij en hynders ûnderdak bringe moast. Ferline wike die bliken dat in soad bisten noch hieltiten bûten stiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)