Fee romme fan bedriuw Muntsjesyl

02 nov 2001 - 00:00

It fee fan de pleats yn Muntsjesyl dêr't BSE konstatearre is, is freed ôffierd. It giet om yn totaal 307 bisten. Der wie op de pleats mar ien ko dy't werklik BSE hie.

Dat bist is op 19 oktober al ôfmakke. Ut tests hat bliken dien dat it bist BSE ûnder de lea hie. It is it twadde gefal fan besmetting yn Kollumerlân. Yn Nederlân is it it 25e gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)