Fee mooglik mear kontrolearje

27 jul 2004 - 14:35

Steatsboskbehear en Natuermonuminten kontrolearje it losrinnende fee yn it Drints-Fryske Wold mooglik faker. Dat bart nei oanlieding fan de deadlike feeparasyt dy't oantroffen is by seis kij yn Diever.

Yn it 6000 bunder grutte natuergebiet rinne 80 kij. Se wurde al trije kear yn de wike kontrolearre. De feeparasyt wurdt oerbrocht troch tiken. Fee yn de natuer hat mear kâns op besmetting as kij by in boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)