Fee midden yn de nacht ûntsnapt yn Langelille

12 aug 2015 - 12:39
  • Kij yn greide

Yn Langelille hat de plysje yn de nacht fan tiisdei op woansdei 23 pinken en ien bolle fan de dyk helle. Om goed healwei twaen kaam in melding binnen dat it fee los troch it doarp rûn. De plysje hat by ferskate minsken oanbelle om derachter te kommen fan wa't de bisten wiene. Omdat de bisten foar gefaarlike situaasjes soargen, hat de plysje se mei help fan de eigener yn in stik lân dreaun.

De eigener hat de kij yntusken wer ophelle. Neffens de boer binne de pinken nijsgjirrich en ha se it stek sels iepen krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)