Fee-eksporteur bot ûnder fjoer

04 sep 2000 - 16:34

Fee-eksporteur Van der Ploeg yn Ljouwert en de pleatslike ABN-Amro bank soene belutsen wêze by in grutte smarjildsaak. Dat berjochtet it blêd FEM nei oanlielieding fan in rjochtsaak yn Switserlân.

Foar 8400 melkkij soe Van der Ploeg op fersyk fan in Oekraïnske keaper falske, te hege rekkens skreaun hawwe. Dat jild is fia in bankrekken op 'e Bahama's by de ABN-Amro yn Ljouwert wytwaske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)