Fee-eksport bot groeid

29 aug 2011 - 16:23

De eksport fan melkfee is dit jier mei mar leafst in tredde tanaam. Oant no ta binne der lanlik al hast 33.000 stiks fee nei it bûtenlân gien. It Frysk Bûn fan Feehannelers ferwachtet dat dat oprint nei de 45.000. Oars waarden yn in jier 30.000 stiks fee eksportearre. De feehannelers kinne de fraach goed oan om't hjir jongfee genôch is.

De fraach sil nei ferwachting noch fierder tanimme. Nederlân hat in skoft gjin feesyktes mear hân

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)