Fee De Groot sûn ferklearre

20 feb 2014 - 10:54
  • Thom de Groot

It fee fan boer Thom de Groot út Goattum is woansdei by in twadde ûndersyk sûn ferklearre. Dy keuring waard útfierd troch fee-arts Rouwé út Ferwert. Oft De Groot syn bisten no weromkriget en wa't de kosten fan de tydlike opfang fan it fee betelje moat, is noch net dúdlik.

It fee fan De Groot waard ferline wike tiisdei fan de pleats helle troch meiwurkers fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. De bisten soene der min oan ta wêze. De Groot wegeret syn fee earflappen yn te dwaan.

Rouwé komt ta de konklúzje dat gjin inkel bist yn minne kondysje is. It trochsneedsifer dat er de achttjin bisten jout, komt út op goed 2,5. By 1 binne de bisten te meager en by 5 te fet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)