Fee boer De Groot yn beslach

11 des 2013 - 16:28
  • Boer Thom de Groot

De Voedsel- en Warenautoriteit hat fee yn beslach naam fan biologysk boer Thom de Groot fan Grou. It giet om 32 skiep en 5 kij. De skiep hienen gjin earmerken en stiene op in stik greide dat net omheind wie. De kij wiene neffens ynspekteurs te meager. It fee is net meinaam troch de NVWA, mar troch Thom de Groot nei in hanneler brocht. De bioboer hat gjin goed wurd oer foar de aksje en hopet syn fee werom te krijen. Thom de Groot is in bekend boer fanwege syn jierrenlange striid tsjin de earmerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)