Feddema as ienmansfraksje

25 apr 2012 - 21:45
  • Wyb Feddema

Ljouwerter VVD-gemeenteriedslid Wyb Feddema giet as ienmansfraksje fierder yn de ried. Neffens him is dat it swierste beslút dat er yn syn politike karriêre naam hat. Hy hâldt op by de VVD om't er it net iens is mei it beslút fan de fraksje om riedsleden mar foar trije terminen op de kandidatelist te setten.

Dat soe betsjutte dat Feddema ein 2013 út de Ljouwerter ried moat. Feddema wol him no as ienmansfraksje ynsette foar de stêd. Hy is ek fan doel om mei in nije politike partij oan de folgjende ferkiezings mei te dwaan.

Feddema soe woansdeitejûn noch in ekstra VVD-fraksjegearkomste hawwe, mar hat dy net mear ôfwachte. Fraksjefoarsitter Serge Hollander neamt it yn in reaksje 'tige spitich' dat Feddema besletten hat om de VVD-fraksje te ferlitten. PvdA'er Jan van Olffen, de nestor fan de gemeenteried, neamt it konflikt yn de VVD-fraksje 'ûnbegryplik'. Hy neamt Feddema 'in bysûnder goed en aktyf gemeenteriedslid'. Sa'n man fuortstjoere om in formele reden neamt Van Olffen 'hiel dom'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)