FEC Ljouwert better op de kaart

07 jan 2005 - 14:35

It FEC Expo Center yn Ljouwert en de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren komme ûnder ien management. Dêrom komt de fasilitêre tsjinst fan de bedriuwen nei Ljouwert. Beide evenemintehallen moatte sa better op de kaart set wurde. De beurzen yn Súdlaren bliuwe dêr gewoan. Earder wie der sprake fan dat se mooglik yn Ljouwert komme soene.

De gemeente Ljouwert jout it FEC finansjele stipe. Dat hat wethâlder Van Mourik tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)