Feartsjinsten Waadeilannen oanpast fanwege hege wetterstân

14 nov 2015 - 10:57

De feartsjinsten fan en nei de Waadeilannen wurde dit wykein oanpast. Fanwegen it hege wetter en de ferwachte waarsomstannichheden, falle in oantal tsjinsten út en wurde oare tsjinsten oanpast.

Troch de hege wetterstân ferfoel de feartsjinst fan 09:30 fan Lauwerseach ôf en de ôffeart fan 10:30 fan Skiermûntseach.

De sneltsjinst fan en nei Flylân ferfalt snein yn ferbân mei de ferwachte waarsomstannichheden. Rederij Doeksen lit witte dat der in ekstra feartsjinst ynset wurdt.

Freedtejûn wie der yn de haven fan Skylge wetteroerlêst as gefolch fan de hege wetterstân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)