Feartsjinsten nei Skiermûntseach falle út fanwege aksjes

27 maaie 2015 - 09:10
  • De fearboat nei Skiermûntseach

Meiwurkers fan rederij Wagenborg fiere woansdei opnij aksje. Der falle dêrom twa feartsjinsten tusken Lauwerseach en Skiermûntseach út. It giet om de fearboat fan healwei alven fan it eilân nei Lauwerseach en dy fan healwei ienen fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.

Ferline wike waard aksje fierd op de feartsjinst nei It Amelân. De meiwurkers fiere aksje foar in bettere cao. Oerlis hjiroer is oant no ta mislearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)