Fearterminal wurdt ferboud

15 feb 2011 - 11:21
  • De achterkant fan 'e fearboatterminal yn Harns

De fearterminals fan rederij Doeksen yn Harns en op Skylge sille ferboud wurde. De terminals binne achterhelle en wurde oanpast oan de nije wurkwize. Sa keapje minsken hieltyd faker tickets op ynternet en dêrom binne minder loketten nedich.

Boppedat wurde de tickets scand en dêrom moat de terminal funksjoneler ynrjochte wurde. Ek komt der in spesjale 'priority lane' foar eilanners en oare fêste reizigers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)