Fearten wer befarber meitsje

23 aug 2011 - 20:14

De lytse farwegen tusken Boalsert en Frjentsjer moatte wer yn eare hersteld wurde. Dat fine fjirtjin doarpen yn dat gebiet. Yn it ferline wiene alle doarpen goed oer it wetter te berikken, mar dat is troch ûnder oare te lege brêgen no net mear it gefal.

De wurkgroep 'Lytse Farwegen' besjocht wat foar mooglikheden der binne. Yngenieursbedriuw Oranjewoud ûndersiket wat der feroare wurde moat om mei de boat troch de fearten te farren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)