Feart troch flat yn Snits

03 okt 2012 - 10:32

Der komt in feart dwers troch de Potterzijlflat by de Lemmerwei yn Snits. Dat makke wethâlder Akkerman fan Súdwest Fryslân tiisdei bekend. Der bestiet al langer in plan om in nije feart oan te lizzen fan de Woudfeart nei de Geau. De Potterzeilflat stie lykwols yn 't paad fan dy nije feart. Dêr is in oplossing foar fûn. De skea bliuwt beheind ta in tal bergings. De flat is al âld, mar minsken meie der graach wenje en dêrom wurdt it gebou sa opknapt dat it in skoft foarút kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)