Fearskip Aebelina doopt

22 aug 2009 - 15:31
  • De Aebelina

De mem fan alle skûtsjes, de 'Aebelina' is sneontemiddei yn Earnewâld doopt en te wetter litten. It houten fearskipke is in replika fan de legendaryske Aebelina, dy't yn 1861 boud waard op 'e Jouwer.

It oarspronklike skip wurdt beskôge as it moaiste en fluchste skûtsje ea. Dizze replika is op it each boud, in projekt fan fiif jier. It skip komt te lizzen by it skûtsjemuseum yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)