Fearkrêft winnend Flyers grut

17 jan 2014 - 23:15

De iishockeyers fan de UNIS Flyers moasten yn de topper tsjin HYS Den Haach in 3-0 efterstân goedmeitsje, mar wûnen yn de ekstra tiid mei 4-3. De 3-0 foarsprong foar de thúsploech stie yn Den Haach nei de earste perioade op it skoareboerd. Yn de twadde perioade feroare der neat oan de stân. Yn de lêste perioade soargen Sander Dijkstra, Joey Oosterveld en Kevin Bruijsten foar it lykwicht en de ferlinging. Yn de ekstra tiid brocht Tony Demelinne de winst by de Feansters. Snein spylje de Flyers thús tsjin koprinner Tilburg.

Tilburg wie woansdei yn de bekerfinale mei 2-1 te sterk foar de Flyers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)