Fearkearsrûzje Snits liedt ta oanhâlding

11 aug 2015 - 11:26

De plysje siket tsjûgen fan in ferkearsrûzje op de Oppenhuzerwei yn Snits. Dêr krigen moandeitemiddei om kertier oer tolven hinne in 23-jierrige automobiliste fan Koudum en in 44-jierrige frachtweinsjauffeur út Snits spul meielkoar. Neffens de automobiliste krige se gjin foarrang fan de man. Dat makke se dúdlik mei wurden en gebaren.

Op de Jousterkade stie de brêge iepen, wêrop't de frachtweinsjauffeur útstapte en de frou oanspruts. Doe't er har te liif gean woe, hellen omstanners de twa út elkoar. De frou warskôge de plysje.

Se die oanjefte en de frachtweinsjauffeur waard oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)