Fearkade Harns letter klear

30 sep 2010 - 22:07

De fearkade foar de boat nei Flylân is net op tiid klear. Doel wie om foar it stoarmseizoen de Harnzer oanliskade ferfongen te hawwen, mar dat slagget net. It wurk duorret langer, omdat de âlde kade folle minder wie as tocht en it waar wurke ek net mei.

Omdat de kade ek in wichtige wetterkearing is, kin der yn it stoarmseizoen net oan wurke wurde. Salang't de fearkade net klear is leit de boat nei Flylân oan de fearkade fan de boat nei Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)