Fearboate-oarloch duorret noch

12 jul 2013 - 18:44
  • De fearboat fan Rederij Doeksen nei Skylge

It College van Beroep voor het Bedrijfsleven wol it skeel tusken de rederijen Doeksen en EVT net mei foarrang behannelje. Steatssiktaris Mansveld hat dêr wol om frege, mar it kolleezje sjocht der de needsaak net fan yn. Mansveld antwurdet dat op fragen fan de VVD en de PvdA yn de Twadde Keamer. Se hat de problemen yntusken bepraat mei de bestjoerders fan Flylân en Skylge. Mei elkoar ha se nei oplossingen sjoen, mar se binne der noch net út.

Letter yn de simmer wurdt fierder praat.

Rederij Doeksen hat foar 15 jier it allinnerjocht krigen om de feartsjinst nei Skylge te fersoargjen. De EVT hat dêr beswier tsjin oantekene en mei salang't de beswierproseduere rint, trochfarre. Neffens Doeksen pakt de EVT in soad reizgers ôf troch foar dumpprizen te farren. Der soe sprake wêze fan ûnearlike konkurrinsje, omdat Doeksen him oan de ôfspraken mei de oerheid hâlde moat en de EVT net. Flylân driget yn it konflikt meisleept te wurden, omdat Doeksen ôffearten skrasse wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)