Fearboat Rottum opknapt

31 mrt 2012 - 11:37

De fearboat Rottum fan rederij Wagenborg hat in nij libben krigen. Op in werf yn Grinslân is de Rottum foar seis miljoen euro folslein ferboud. De fearboat krige in nije boaiem, nije motoaren en in nije keuken. Fiifentweintich jier lyn waard de fearboat ûnder de namme Sier yn 'e feart nommen, nei dizze opknapbeurt moat de Rottum noch goed 15 jier tusken Lauwerseach en Skiermûntseach farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)