Fearboat nei en fan It Amelân komt helte fan tiden te let

25 apr 2015 - 15:10
  • De Oerd fan rederij Wagenborg by Holwert

Mear as de helte fan de oertochten nei en fan It Amelân hat fertraging troch de ûndjippe fargeul. Dat sizze de kapteins fan rederij Wagenborg. Omdat de boat langer ûnderweis is, hawwe de boaten fan de rederij ek hegere brânstofkosten.

Wagenborg fynt dat Rykswettersteat de geul útdjipje moat. Benammen foar passazjiers is de fertraging frustrearjend, mar ek foar de kapteins fan de fearboaten, want dy wurde der alle dagen op oansprutsen.

Rykswettersteat wol foarearst noch net reagearje op de kwestje. Se wachtsje de brief fan de minister ôf dy't dizze wike nei de Twadde Keamer stjoerd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)