Fearboat Midsland út de feart

19 mrt 2014 - 11:53

De gewoane feartsjinst nei Flylân fart woansdei net. De boot Midsland krige woansdeitemoarn motorproblemen doe't dy ûnderweis wie nei Harns. It skip moat nei
de werf. De sneltsjinst fart wol en it oare ferkear kin mei de frachtboat Noord-Nederland.
In oare fearboat is net beskikber omdat dy krekt dizze wike noch foar in beurt op de werf leit. As alles goed giet, sil dizze boat tongersdei wol wer beskikber wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)