Fearboat hat lêst fan fargeul

26 jan 2012 - 10:45

De fearboat tusken Holwert en It Amelân hat hieltyd mear lêst fan de problemen mei de fargeul. Woansdeitemiddei is der foar it earst sels in fearboat weromgien nei It Amelân, omdat dy net fierder koe.

Troch de wyn en it tij stie der sa'n bytsje wetter dat de kapitein benaud wie dat de boat fêst rinne soe en pas oeren letter wer fuort kinne soe. De lêste moannen is de boat al earder fêstrûn of drige dat te barren. Rederij Wagenborg sprekt fan 'oermacht' en ferwiist klachten troch nei Rykswettersteat.

Dy tsjinst moat de fargeul op djipte bringe, seit de rederij. Tongersdei is der in petear tusken de gemeente en Rykswesttersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)