Fearboat Doeksen rekket kade: skea falt ta

13 nov 2015 - 17:32

It wie freedtemiddei efkes skrikke foar de passazjiers fan fearboat ms Friesland fan Rederij Doeksen. By it fuortfarren út de haven fan Harns hat it skip de kade rekke. It ynsidint ûntstie troch in hurde wynpûst, sa meldt Rederij Doeksen fia Twitter. De skrokken passazjiers binne oan board opfongen troch personiel fan Doeksen.

Hoewol der skea is, hat de ms Friesland de oertocht nei Flylân ferfolge. Yn ferbân mei de ferwachte waarsomstannichheden fart de sneltsjinst nei Flylân net. Wol wurdt der in ekstra feartsjinst ynset.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)