'Fear Europeesk oanbesteegje'

27 mrt 2014 - 14:25
  • Fearboat Spathoek fan EVT

De feartsjinsten yn it Waadgebiet moatte iepenbier oanbestege wurde. Dat fynt de advokaat-generaal fan it Europeeske Hôf fan Justysje. It Nederlânske regear fynt dat de Waadsee in binnenwetter is en gjin iepen see, en dat dêrom iepenbiere oanbesteging net nedich is.

It Europeeske Hôf is it dêr net mei iens. De net-binende útspraak is in opstekker foar de Eigen Veerdienst Terschelling EVT, dy't skoften striid fiert mei rederij Doeksen oer de feartsjinsten nei Skylge.

De útspraak is yn prinsipe ek fan tapassing foar de feartsjinsten nei It Amelân en Skiermûntseach.

Sjoch hjir nei de útspraak (yn it Frânsk):

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)