Feanwâldsterwâl yn aksje

16 okt 2009 - 17:01
  • (Foto: Wieteke Cramer)

Ynwenners fan Feanwâldsterwâl hawwe tongersdeitejûn 300 hantekens foar de doarpsstatus oanbean oan de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. It plak leit op de grins fan dy twa gemeenten en rekke koartlyn de doarpsstatus kwyt. De ynwenners binne benaud dat it plak by in mooglike weryndieling fan 'e kaart ferdwynt.

Beide gemeenten hawwe de hantekens yn ûntfangst nommen. Mar der wie noch gjin reaksje oer hoe't it no fierder moat mei Feanwâldsterwâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)