Feanwâldsterwâl wurdt doarp

15 des 2010 - 14:12

Feanwâldsterwâl krijt dochs de doarpsstatus. Dat hat de ried fan Dantumadiel besletten. De tawizing hat foaral in symboalyske wearde. It doarp wurdt net opnommen yn de gemeentlike basisadministraasje en ek falt it noch hieltyd ûnder de postkoade Feanwâlden. Allinnich in boerd jout oan dat Feanwâldsterwâl in doarp is.

Wat de status fan itselde doarp oan de oare kant fan de feart wurdt, is net dúdlik. Dat Feanwâldsterwâl leit nammentlik yn Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)