Feanwâldsterwâl gjin doarp

13 sep 2010 - 14:33

Tytsjerksteradiel en Dantumadiel sjogge gjin nije mooglikheden om Feanwâldsterwâl de doarpsstatus te jaan. Dat sizze se neidat ynwenners fan it buorskip dêr in nij fersyk ta dien ha. Earder al wiisden beide gemeenten it fersyk fan ynwenners fan it buorskip ek al ôf.

Dy wolle de doarpsstatus omdat se bang binne dat by in mooglike gemeentlike weryndieling it buorskip ferdwynt. Neffens de gemeenten kin it net omdat Feanwâldsterwâl yn twa gemeenten leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)