Feanwâldster op dievepaad

07 jul 2013 - 14:17
  • Taskedief

In 63-jierrige man út Feanwâlden is sneontemiddei op de Grienewei yn Ljouwert oppakt op fertinking fan it stellen fan tassen. De man wie op it strjitfestival betrape op it stellen fan in tas fan in 35-jierrige frou út Damwâld. It guod fan de frou waard fûn yn de rêchsek fan de man. Wylst de plysje mei de man stie te praten, besocht hy wat achter syn rêch te ferstopjen. It wiene konsumpsjemunten, dy't nei alle gedachten ek stellen wiene.

De man út Feanwâlden is oanhâlden foar sellerij en sit noch fêst op it plysjeburo.

In 24-jierrige frou út Frjentsjer seach de fertochte mei de plysje praten en sei dat se him herkende as de man dy't earder dy dei ek har tas stellen hie. Tegearre mei in tsjûge hiene se de Feanwâldster fûn en har tas weromkrigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)