Feanwâlden: skoallen 3-talich

15 mrt 2011 - 16:36

Feanwâlden is it earste plak yn Fryslân dêr't alle basisskoallen trijetalich binne. Tiisdei krigen de kristlike en iepenbiere basisskoalle beide it sertifikaat trijetalich.

Trijetalich ûnderwiis hâldt yn dat hast fjouwerhûndert bern al fan groep trije ôf les krije yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Tiisdei waard it beheljen fan 'e sertifikaten troch beide skoallen feestlik fierd mei it oplitten fan ballonnen. Deputearre Jannewietske de Vries wie hjirby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)