Feansters yn Jong Oranje

22 sep 2010 - 16:44
  • Bas Dost

Trije spilers fan SC Hearrenfean binne troch bûnscoach Cor Pot foarearst opnaam yn de seleksje fan Jong Oranje. It giet om oanfaller Bas Dost, middenfjilder Geert Arend Roorda en ferdigener Daryl Janmaat.

Jong Oranje spilet op 9 en 12 oktober twa wedstriden tsjin Oekraïne mei as ynset pleatsing foar it Europeesk kampioenskip takom jier yn Denemarken. De definitive seleksje wurdt 1 oktober bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)