Feansters oppakt nei klappen

25 okt 2009 - 13:31

De plysje hat twa jonges (15 en 16) fan It Hearrenfean oppakt fanwege iepentlik geweld. De jonges wiene belutsen wie in fjochtpartij yn de Tsjerkestrjitte yn it sintrum. Se dielden klappen út oan in man (21) fan Aldskoat, dy't op de grûn lei. It slachtoffer krige ek in skop tsjin de holle.

De plysje hold de jonges oan en naam harren mei nei it plysjeburo. In tredde fertochte wist oan de plysje te ûntkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)