Feansters mishannelje Drachtster mei boksbûgel

03 feb 2016 - 10:19

De plysje op It Hearrenfean hat tiisdeitejûn twa Feansters oanhâlden foar it mishanneljen fan in 32-jierrige Drachtster. It slachtoffer melde him yn it plysjeburo en joech oan dat hy op de Uhlwei mei in boksbûgel slein wie troch it duo.

De fertochten melden harren letter ek by it plysjeburo. Se binne oanhâlden en sitte fêst foar fierder ûndersyk. Neffens de plysje leit de oarsaak fan de slimme mishanneling yn de relaasjesfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)