Feansters komme op Poortje ôf

01 sep 2008 - 22:28

In soad Feansters wolle meiprate oer de komst fan jeugdfinzenis Het Poortje. Foar in spesjale ynformaasjejûn binne al mear as 110 oanmeldings binnenkaam. Om de finzenis is in soad te dwaan. De gemeente woe Het Poortje op it Arrivaterrein hawwe, by it NS-stasjon.

Nei in lange diskusje foel dy lokaasje ôf en liet de gemeente syn each falle op de wyk Noard-East. De gemeente wol lykwols earst mei de omwenners prate foardat der in beslút falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)