Feansters ferlieze mei 4-1

30 aug 2004 - 11:41

Fuotbalklub SC Heerenveen ferlear sneon út tsjin FC Twente mei 4-1. De Feansters spilen net goed yn de earste helte. Nei 37 minuten wie it al 3-0 foar de Tukkers. Krekt foar it skoft skoarde Ugur Yildirim 3-1.

Yn de twadde helte waard Stefan Selakovic ynset as ferfanger foar Victor Sikora. It gie doe wat better mei de Feansters, mar Twente makke yn de santichste minút de 4-1. Dy kaam op namme fan Jason Culina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)