Feanster ynbrekker (18) oppakt

04 jan 2013 - 11:38
  • Ynbraak

De plysje hat tongersdeitenacht op It Hearrenfean in jonge ynbrekker (18) út dat plak oanhâlden. De plysje waard alarmearre nei in ynbraak oan de Jan Mankesleane. De ynbrekker waard oanhâlden op de boargemaster Falkenawei. Hy joech ta dat hy ynbrutsen hie en waard ynsletten op it plysjeburo.

Njonken de ynbraak op It Hearrenfean ûndersiket de plysje ek pogingen ta ynbraak yn Ljouwert, Harns en Frjentsjer. Yn wenten oan de Couperinstrjitte, Hottingastate en Jongamastate yn Ljouwert naaiden ynbrekkers út doe't se trapearre waarden.

Ferskate plysjeminsken giene nei de manlju op syk, mar troffen har net oan. Der waard ek ynbrutsen oan de Troelstrawei yn Ljouwert, mar by dy ynbraak waard neat meinommen. Yn Frjentsjer en Harns waard op ferskate adressen besocht om yn te brekken. Ek hjir waard, foarsafier bekend, neat fuortnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)