Feanster yn wetter smiten

05 apr 2010 - 14:17

In ynwenner (27) fan It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein yn it wetter fan de Lindegrêft smiten. It slachtoffer waard wer út it wetter helle troch in foarbygonger. Dy skeakele dêrop de plysje yn. It slachtoffer liet witte dat e sûnder reden troch in man yn it wetter smiten wie. Omdat de muorren fan de kade heech binne, koe de man net sels út it wetter komme. Hy is nei in famyljelid brocht foar droege klean en om waarm te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)