Feanster springt yn wetter om oan plysje te ûntkommen

08 aug 2015 - 10:48

Yn Nes op It Amelân hat de plysje freedtenacht in 22-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden. De man hie spul krigen mei twa froulju. Doe't in Ljouwerter dêr wat fan sei, krige er in klap yn it gesicht. De plysjes seagen dat en woenen de Feanster oanhâlde. Dy naaide út en sprong yn it wetter. De plysje hat de fertochte út it wetter prate kinnen mei help fan in plysjehûn. Hy is meinaam foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)