Feanster slacht Tsjalberter

20 nov 2013 - 10:46
  • Geweld

De plysje hat tiisdei op de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean in Feanster (29) oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man hie earder dy middei in Tsjalberter (22) ferskate klappen jûn.

Mishanneling wie foar de plysje de oanlieding om de man op te pakken. Letter die bliken dat de man noch foar tûzenen euro's oan boetes betelje moat. De fertochte waard oerbrocht nei it plysjeburo en dêr foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)