Feanster skûtsje Gerben van Manen fiert 100-jierrich bestean

19 jun 2015 - 19:16
  • SKS Skûtsjesilen Earnewâld 2013

It Hearrenfeanster skûtsje de Gerben van Manen is op de kop ôf 100 jier âld dat wurdt sneon fierd. Op It Fean binne ferskate optredens, ûnder oare fan in shantykoar en in dweilorkest. It Feanster skûtsje waard 17 kear kampioen fan de SKS, en neffens kenners is it it moaiste skûtsje fan de float.

Hûndert jier lyn naam Bouke Roorda in grut risiko troch it skûtsje te bouwen sûnder dat der in opdrachtjouwer foar wie. Op de ferneamde werf Roorda-de Piip yn Drachten hie er lang wurke oan it optimalisearjen fan de Piipster skûtsjes.

Dy koenen hurd sile mei in protte lading oan board. Yn de tiid dat skûtsjes noch as frachtskippen farden, wie dat in grut foardiel foar de skippers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)