Feanster skoallen yn swierwaar

14 nov 2008 - 16:27
  • Finansjele problemen skoallen

De 21 iepenbiere basisskoallen yn de gemeente Hearrenfean ha finansjele problemen. De skoallen binne ûnderdiel fan it skoallenetwurk De Basis. Dy organisaasje hat jildkrapte.

Sân fan de 21 skoallen presteare ûnder de maat. Om dat wer op nivo te krijen wolle se 120.000 euro ynvestearje. Ek de gebouwen binne net mear fan dizze tiid, se binne nedich oan in opknapbeurt ta. Mar troch hege stookkosten is der eins gjin jild oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)