Feanster riidt tún oan grom

25 okt 2014 - 12:08
  • Plysje

In Feanster fan 39 jier is freedtemiddei oppakt om't er trochriden wie nei in ûngelok. De man wie in tún ynriden oan de Verzetslaan yn Mildaam en feroarsake dêrby in soad skea. Dochs ried de Feanster dêrnei troch. By it ûngelok wiene in stik fan de bumper en in kentekenplaat yn de tún achterbleaun. Sa kaam de plysje de Feanster op it spoar. Nei syn arrestaasje die bliken dat de man ek noch sân dagen finzenisstraf iepenstean hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)