Feanster rekket rydbewiis kwyt

18 aug 2010 - 11:12

De plysje hat it rydbewiis fan in Feanster (26) ynnommen. De man lei te sliepen yn syn auto oan de kant fan de dyk. In foarbygonger seach dat. Dy besocht de man wekker te krijen. Dit slagge, mar hy reagearre nuver. De foarbygonger warskôge doe de plysje.

De Feanster ried doe fuort. Letter seach deselde foarbygonger de man wer sliepend yn de auto sitten. In plysje koe de man nei 10 minuten wekker krije. De man hie grutte pupillen. Der is in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)