Feanster rekke by sjitynsidint

24 aug 2010 - 14:46

By in sjitynsidint yn Arnhem is ôfrûne sneon in 48-jierrige man fan It Hearrenfean ferwûne rekke. By it festival Rio aan de Rijn oan de Markt waard sneontejûn krekt nei sân oere sketten. Dêrby is in 48-jierrige man út Den Haach om it libben kommen.

De Hearrenfeanster en in frou út Zoetermeer waarden ek rekke. Sy binne opnommen yn it sikehûs en koene moandei wer nei hús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)