Feanster oerfallen

27 mrt 2008 - 10:51

In ynwenner (44) fan It Hearrenfean is woansdeitejûn yn syn wenplak oerfallen. Tsjin middernacht waard er twongen om hûnderten euro's te pinnen by de jildautomaat.

De oarfaller wie in man fan tusken de 30 en 40 jier âld en likernôch 1.80 meter. Hy hie in grutte sinnebril op, in lytse snor en koart slûk hier. Hy hie in ljochtbrune jas oan en spruts net goed Nederlânsk. De plysje siket tsjûgen fan de oerfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)