Feanster oanholden

30 apr 2007 - 14:20
  • Plysje manmachtich oanwêzich by Hearrenfean

Op It Fean is sneintejûn in 34- jierrige Feanster oanhâlden, omdat hy him net legitimearje woe. De plysje hie de man en syn fjouwer maten oansprutsen, omdat se oan de Oude Koemarkt stiene te balten.

De man woe syn identiteitskaart wol sjen litte, mar syn adres net jaan. Ek woe er mei de plysjes fjochtsje. Hy is doe meinommen nei it buro en dêr is proses-ferbaal opmakke. Yn 'e rin fan 'e jûn is er wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)