Feanster krijt glês yn gesicht

31 aug 2008 - 15:19

In ynwenner (25) fan It Hearrenfean is sneintemoarn betiid yn Wolvegea oanhâlden troch de plysje. Hy soe op de Van Baerdtstrjitte in plakgenoat (22) in glês yn it gesicht smiten hawwe. De man moast mei ferwûnings yn it gesicht oerbrocht wurde nei it sikehûs op It Hearrenfean.

De 25-jierrige fertochte waard meinommen nei it buro. De oanlieding fan de mishanneling is noch ûndúdlik. De twa soene it al yn ferskate kroegen mei inoar oan de stok hân hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)