Feanster kampioen koartebaan

22 des 2007 - 17:58
  • Kampioene Mayon Kuipers (foto Martin de Jong)

Mayon Kuipers fan It Hearrenfean is yn Biddinghuizen Nederlânsk kampioen op de koartebaan wurden. Op it keunstiis fan FlevOice wûn sy al har trije ritten yn de finale. Karin Kalker fan Ter Aar waard twadde.

By de manlju gong de titel nei Ronald Mulder fan Zwolle. Jesper Hospes fan It Hearrenfean waard twadde, Sietse Heslinga fan Warkum fjirde. Mulder wûn ek al syn trije finaleritten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)