Feanster jongeren brekke yn

01 jan 2008 - 15:38

Fjouwer jongeren út Hearrenfean fan 15 oant en mei 17 jier binne âldjiersjûn oanhâlden foar ynbraak en fernieling. De plysje seach it groepke mei iisko's rinnen yn it sintrum fan It Fean. Op it Molenplein die bliken dat der ynbrutsen wie yn in snackkiosk. Dêrby wiene ferskate saken fernield.

De plysje hat it groepke doe wer opsocht. De jongeren naaiden út, mar koene letter achterhelle wurde. Se binne oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)